Berber van den Berg nei it WK

It Nederlânske frouljusteam mei Berber van den Berg fan It Hearrenfean hat boppe ferwachting prestearre op it WK turnjen yn it Deenske Aarhus. Se einigen as team op it fyftjinde plak en dat is boppe ferwachting.
De goede klassearring betsjut dat it team takom jier meidwaan mei oan it WK yn Stuttgart (Dútslân). Dat is fan grut belang, om't dêr kaarten foar de Olympyske Spelen yn Peking te fertsjinjen binne. Dat is yn 2008.