Boete foar dumpende automonteur

17 okt 2006 - 13:38

In automonteur dy't syn ôfrûne oalje en oar smoargens dumpt hat, is troch de gemeente Tytsjerksteradiel opspoard en moat flink betelje foar it oprêden.

Fan 't maaitiid waard by Skûlenboarch in grutte berch miljeubelêstend smoargens fûn. Der leine oalje- en brânstoffilters, automaterialen, lege oaljeblikken, klean en grit dat brûkt wurdt om oalje op te fangen. De fersmoarger moat ek betelje foar de wurkoeren fan 'e miljeuamtners.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)