Terpen wer yn Fryske lânskip

16 okt 2006 - 22:44

De terpen moatte werom yn it Fryske lânskip. Dêrmei soe net allinnich in soad ôffal fuortwurke wurde kinne, mar hâlde we ek droege fuotten. Dat wie ien fan de ideeën dy't moandei opkaam by it tredde saakkundigendebat fan 'e Fryske Fiersichten.

It debat is op tou set troch de provinsje om te besjen hoe't Fryslân der yn 2030 útsjen moat. Tiisdei is de fjirde byienkomst mei saakkundigen. Dan giet it oer rekreaasje en toerisme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)