"Wetterskip kin fuort"

© Omrop Fryslân
Wetterskip Fryslân moat opheft wurde. Dat stelt de PvdA yn it program foar de kommende Provinsjale Steate- ferkiezings. De bestjoerlike en beliedsmjittige ferantwurdlikens foar it wetterbehear moat by de provinsje lizze, neffens de sosjaal-demokraten. De PvdA fynt fierder dat de taken fan it wetterskip folle effisjinter útfierd wurde kinne.
In spesjale kommisje hat it ferkiezingsprogram opsteld.