Kosten muzykrjochten omheech

16 okt 2006 - 13:49
Foto: Omrop Fryslân

By muzykkorpsen en koaren is ûnrêst ûntstien no't se mooglik ek de rjochten betelje moatte foar it kopiearen fan orizjinele muzykstikken. Der moat no al betelle wurde foar de BumaStemra-rjochten foar de muzyk dy't de ferienings brûke. Mei de kopiear- kosten binne guon korpsen 25 oant 50 persint mear kwyt oan muzykrjochten.

Keamerlid Joop Atsma (CDA) hat fragen steld oan de ministers ûnderwiis en justysje oer de ferheging.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)