Tsjerketoer Ferwert opknapt
De herfoarme tsjerke fan Ferwert sjocht der wer sa út as foar de jierren '30. De 36 meter hege toer wie yn dy tiid restaurearre, mar dêr wie net elkenien bliid mei. De restauraasje koste doe te folle jild om it monumint yn de goeie styl te bouwen.
Dat is no wer rjocht lutsen. It giet om de hals -en skouderstikken fan de toer. Fierder is ek it sealdak restaurearre.