Dongeradiel betellet golfbaan

16 okt 2006 - 12:19

De gemeente Dongeradiel leit sels de nije golfbaan by Esonstêd oan. Ek wurdt de gemeente de kommende fiif jier eigner fan de baan mei 9 holes.

De gemeente docht dat omdat it oars net yn oanmerking komt foar Europeeske subsydzjes. It giet dan om 450.000 euro fan de totale kosten fan 2,1 miljoen euro. De gemeenteried fan Dongeradiel hat altyd sein dat de golfbaan gjin sint gemeentejild kostje mocht, mar komt dêr dus op werom.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)