"Rioelbelesting net omheech"

© Omrop Fryslân
De VVD Smellingerlân wol net dat de rioelbelesting ferhege wurdt. As it foarstel fan B&W it hellet, giet de rioelbelesting omheech fan 70 nei 220 euro yn it jier.
Neffens de VVD is dat net nedich om't Smellingerlân de kommende jierren miljoenen euro's oerhâldt. It kolleezje seit dat it ynkomsten misrint troch it ôfskaffen fan it brûkersdiel fan de ozb-belesting. De VVD bestriidt dat.