"Gjin oerskot oan sportfjilden"

© Omrop Fryslân
It bestjoer fan de SC Twizel is fernuvere oer de berjochten dat it doarp te folle fuotbalfjilden hawwe soe, want de club hat krekt hâlden en kearen om alle teams de wedstriden spylje litte te kinnen.
In ûndersyksburo hat konkludeard dat der yn Achtkarspelen in oerskot oan sportfjilden is. De gemeente wol besjen oft der akkommodaasjes konsintrearre wurde kinne, mar SC Twizel fynt dat gjin goed idee.