Zonderland net yn finales WK

© Omrop Fryslân
Turner Epke Zonderland is op it WK turnjen yn Aarhus útskeakele foar de finales. Sneon wie hy wol de beste mearkamper fan de Nederlanners by de kwalifikaasje, mar hy stiet dêrmei net by de beste 24 turners dy't de finale turnje meie. It gie mis foar Zonderland oan de rekstok, troch in fal aardich moast hy flink punten ynleverje.
Foar Nederlân komt allinnich Yuri van Gelder yn aksje yn de finale.