Trener bûten westen slein

© Omrop Fryslân
By de wedstriid Flevo Boys B1 en Cambuur Ljouwert B1 sneontemiddei is trainer Marius Hendriks troch de trainer fan Flevo Boys bewusteleas slein. Op ien minút foar de ein fan de wedstriid by in foarsprong fan 4-3 foar Cambuur waard Hendriks oanfallen. Hy hat in pear minuten út de tiid west. Hy hat noch gjin oanjefte dien by de plysje.
Om't it insident yn de lêste minuut plak fûn is de wedstryd útspile.