Lykspul en ferlies yn haadklasse

© Omrop Fryslân
Sneinshaadklasser Snits hat mei 0-0 lyk spile tsjin Be Quick 1887. Yn Grins wie it net in bêste, mar wol in spannende wedstriid. De manlju fan trener Hans Schrijver krigen wol de kânsen, mar koene it net ôfmeitsje.
Hikkesluter De Jouwer ferlear sneintemiddei thús fan Achilles '29. It waard 2-0 foar de Groesbekers. De Jouwer hat dizze kompetysje noch net in wedstriid wûn en is lêste op de ranglist mei 2 punten út 6 wedstriden.