Wer konifearebrân op De Jouwer

Op De Jouwer binne yn de nacht nei snein wer konifearen yn de brân stutsen. Om 05.00 oere barde dat by in wenning oan it Roer. Bewenners ha mei help fan in túnslang it fjoer útmakke.
Even letter krige de brânwacht melding fan baarnende konifearen oan de Bakboord. Yn de nacht nei sneon binne ek al konifearen yn de brân stutsen op De Jouwer. Dy nacht rekke in âldere frou ferwûne by in wenningbrân. Har scootmobyl wie yn de brân stutsen.