Plysjedei De Like goed besocht

15 okt 2006 - 13:26

Goed 30.000 minsken ha sneon de lanlike plysjedei yn De Like besocht. De trije Noardlike plysjekorpsen lieten op Landgoed Nienoord sjen wat it plysjewurk hjoeddedei ynhâldt.

Doel dêrfan wie om mear begryp te kweken foar it fak fan plysjeman of -frou. Dêrneist wol de plysje de boargers mear belûke by har wurk. In wichtich ûnderdiel dêrfan it de opspoaringsberjochtjouwing.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)