Brân yn wenhûs Easterein
Yn in wenning oan de Singel yn Easterein hat sneontemiddei brân west. Buorlju hiene it lûd fan in brânmelder heard en warskôgen de brânwacht. Der wiene op it stuit fan de brân gjin minsken yn it hûs.
De brân is ûntstien op de boppeferdjipping, hoe krekt is net dúdlik. De brânwacht hat it fjoer útmakke. Der is in soad reek- en wetterskea.