Van Wieren sechde op Liet Lavlut

15 okt 2006 - 08:04

De Fryske band Van Wieren is sneon sechde wurden op Liet Lavlut yn it Sweedske Östersund. Ek waard de band mei it nûmer Nim Dyn Tiid tredde by de publykspriis.

It sjongfestival foar minderheidstalen waard wûn troch de Sámi. De Laplanners wûnen foar de tredde kear op rige. De bandleden fan Van Wieren binne teloarsteld dat se yn de middenmoat einige binne. Se waarden neamd as ien fan 'e favoriten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)