Dongeradiel eigner golfbaan

14 okt 2006 - 17:08

As de gemeente Dongeradiel net sels de golfbaan by Esonstêd oanleit, dan komt dy der net. De gemeente wurdt 5 jier eigner fan de baan en sil de 9-holes- baan foar eigen rekken oanlizze. Dat moat, omdat oars de belangrykste subsydzje net takend wurdt.

It giet om 450.000 euro fan de 2,1 miljoen euro kosten. De gemeente fynt de oanlis gjin gemeentetaak, mar wol de baan graach ha, omdat der in soad toeristen by ferwachte wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)