SP: Gjin twongen ûntslaggen

© Omrop Fryslân
De ynkrimping fan it tal provinsje- amtners mei net ta twongen ûnslaggen liede, sa fynt de SP-fraksje yn de Provinsjale Steaten. As der besunige wurde moat, kin better de nijbou fan it provinsjehûs net trochgean, want dy is folslein oerstallich sa fynt de SP.
Der moat 10 miljoen besparre wurde op it amtnersapparaat. Yn fjouwer jier tiid moat it tal amtners mei 100 man werombrocht wurde. Earder wiisde de GrienLinks-steatefraksje it plan al ôf.