ONS wint fan DOS Kampen

14 okt 2006 - 16:51

Sneonshaadklasser ONS Snits spile op it eigen fjild tsjin DOS Kampen. De Snitsers wûnen mei 3-0. Mei it skoft wie it noch 0-0. Yn de twadde helte makke Leo de Wagt de 1-0 en troch twa doelpunten fan Ton Haarman kaam de 3-0 op it skoareboerd.

De haadklassewedstriid Flevo Boys- Harkemase Boys waard sneontejûn spile. Dy wedstriid einige yn 2-1 foar Flevo Boys.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)