Undersyk nei ferûngelokke man
De plysje hat in ûndersyk ynsteld nei de dea fan in 76-jierige man út Wolvegea op de Heerenveenseweg ôfrûne freedtemiddei.
De man botste op syn fyts tsjin in soarte fan lânboukraan dy't bestjoerd waard troch in 46-jierrige ynwenner fan de gemeente Weststellingwerf. De plysje hat noch gjin idee hoe't dit barre koe en wol dat al witte.