CU/SGP fernuvere oer Ploeg

© Omrop Fryslân
De provinsjale steatefraksje fan ChristenUnie/SGP wol dúdlikheid ha fan it kolleezje oer útspraken fan deputearre Ploeg. Dy hie by in byienkomst foar ûndernimmers yn Ljouwert sein dat Fryslân op slot driget te reitsjen.
Neffens CU/SGP is sa'n útspraak yn striid mei de útgongspunten fan it streekplan. De fraksje wol witte oft de deputearre by dy byienkomst út namme fan it kolleezje prate.