Brûkersrûmte offisjeel iepene

De brûkersromte foar drugsferslaafden oan de Sudergrêftswâl yn Ljouwert is sneon ofisjeel iepene. Ferslaafden kinne dêr yn alle rêst en út it sicht spuitsje of harddrugs smoke. Der hat lang diskusje west oer de lokaasje.
Om't de ried net in beslút oer de lokaasje doarde te nimmen hat de stifting maatskiplike opfang foar dak en thúsleazen Fryslân sels mar besletten in romte yn te rjochtsjen. De opfang is foarearst tydlik.