Brânwacht Opsterlân by de tiid
Alle kazernes fan de brânwacht yn de gemeente Opsterlân foldogge no oan de easken fan dizze tiid. De ôfrûne twa jier is der nijboud of binne de kazernes stript en wer opboud.
As lêste wie de kazerne fan Oerterp oan bar. Dy is freedtejûn feestlik weriepene. Der wie ien smet op it feest: Der is noch hieltyd in grut tekoart oan frywilligers.