Frou ferwûne by brân De Jouwer

14 okt 2006 - 13:27

De plysje sil sneontenacht manmachtich op de dyk wêze op De Jouwer om nije brânstichtingen foar te kommen. Sneon- temoarn rekke in 78-jierrige frou ferwûne troch in brân dy't wierskynlik oanstutsen wie. Har scootmobyl waard oanstutsen, wêrnei't har hûs ek yn 'e brân fleach.

Op de Jouwer is al moannen ûnrêst oer konifearehagen dy't oanstutsen wurde. No't der in slachtoffer fallen is, sil de plysje ekstra minsken ynsette.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)