Cambuur boekt twadde oerwinning

14 okt 2006 - 12:29

Nei inkele drege wiken krijt Cambuur sportyf sjoen de fuotten wer ûnder it gat. Freed waard yn Maastricht mei 1-3 fan MVV wûn. It wie de twadde oerwinning fan de Ljouwerters. Dat resultaat helpt trainer Wesseling ek wer steviger yn it seal. Cambuur klom yn 8 dagen tiid fan it lêste tweintichste nei it fyftjinde plak.

De oerwinning op MVV wie fertsjinne. Doelpuntemakkers by Cambuur: Trommel, Roosenburg en Ketting.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)