Histoarysk grêf romme op Skier

13 okt 2006 - 22:39

Op Skiermûntseach is de lêste stien fan it grêf fan de famylje Stachouwer romme. De famylje hie ea it hiele eilân yn syn besit. De stien en it grêf hiene histoaryske wearde.

Om´t der te min romte is, hat de gemeente de stien fuorthelle en ferpulvere. De neiteam is dêroer tige fernuvere. De grêfplaten koene rêden wurde. Der wurdt neisjoen oft dy in oar plak krije kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)