Nijbou fabryk Neways yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Elektroanikakonsern Neways lit op it Businesspark yn Ljouwert in nij fabryk bouwe. It bedriuw sit no noch yn ien fan 'e âlde Philipsgebouwen oan 'e Harnzerstrjitwei.
Neways ferhuzet omdat de gemeente oare plannen hat mei de lokaasje. Boppedat wurde de kosten fan ûnderhâld fan it âlde fabryk hieltyd heger. Op it nije plak kin effisjinter wurke wurde. Oan de ein fan 2007 moat it nije fabryk klear wêze.