Harkers belje foar Top 100

Goed trijehûndert harkers hawwe freed telefoanysk harren stim trochjûn foar de Fryske Top 100 fan Omrop Fryslân. Bekende Friezen lykas Gerrit Breteler, Griet Wiersma, Sieb van der Ploeg en Mir sieten by de omrop oan 'e telefoan om de earste fiif favoriten op te skriuwen. Op de redaksje wie dêr in spesjaal senuwsintrum foar ynrjochte.
De folsleine Top 100 is op Aldjiersdei te beharkjen. Mooglik komt der foar de Krystdagen noch in belaksje.