Hoantsje en krús werom op toer
De Nederlânsk-Herfoarme tsjerke op 'e Rottefalle hat wer in krús en in hoantsje op 'e tsjerketoer. De twa wichige ûnderdielen binne freedtemoarn pleatst. Dêrfoar is in grutte kraan ynset.
It krús en it hoantsje binne behannele mei guod tsjin rust. Der is boppedat in nije laach blêdgoud op oanbrocht. It wurk hat rûchwei fiiftûzen euro koste.