Fallite VVV oernommen

13 okt 2006 - 13:42

Hoareka-ûndernimmer Mulderij út Warkum nimt de kantoaren en aktiviteiten fan VVV De Friese Kust oer. Mulderij is ûnder oare eigner fan 'e herberch fan Oom Lammert en Tante Klaasje oan 'e Merk yn Warkum. In pear jier ferlyn waard er noch nominearre as markantste hoareka-ûndernimmer fan Fryslân.

De VVV waard twa wike ferlyn fallyt ferklearre. De toeristeburo's sitte ûnder oare op 'e Lemmer, yn Warkum, Makkum, Harns en Frjentsjer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)