Smellingerlân hâldt jild oer

De gemeente Smellingerlân hâldt de kommende fjouwer jier 20 miljoen euro oer. It jild wurdt brûkt foar trije projekten. It mooglik ûnder ien dak bringen fan skouboarch De Lawei, De Meldei en poppoadium Iduna is dêr ien fan. Derneist giet it jild nei de oanlis fan in nije mar besuden Aldegea as ekstra wetteropfang en as rekreaasjeplak.
Beide plannen wurde ûndersocht. Ein dit jier moat mear dúdlik wurde.