Sedeskeiners aktyf by skoalle

13 okt 2006 - 11:15

Yn Stiens binne twa manlju aktyf dy't harren 'spultsje' oan skoalbern sjen litte. De direksje fan kristlike basisskoalle De Sprankel hat dêr de âlden yn in brief op wiisd. De skoalle hat yn oardel moanne tiid twa meldings krige oer de saak.

De twa manlju soene yn 'e omkriten fan 'e skoalle te wurk gean. Yn it brief ropt de skoalle de âlden op om ekstra alert te wêzen. Tongersdei is by de plysje melding makke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)