Bannen fyftjin auto's lekstutsen

© Omrop Fryslân
Op It Hearrenfean binne yn 'e nacht fan tongersdei op freed fan fyftjin auto's de bannen lekstutsen. De weinen stiene allegearre yn 'e Lelystrjitte.
De plysje krige freedtemoarn betiid earst in melding oer ien auto dêr't de bannen fan lekstutsen wiene. Nei ûndersyk die bliken dat der noch fjirtjin auto's mei ien of mear platte bannen stiene. De fjirtjin eigners moatte noch oanjefte dwaan.