Vos Surhústerfean nei Veendam

12 okt 2006 - 16:48
Foto: Omrop Fryslân

De festiging fan transportbedriuw Vos yn Surhústerfean giet begjin 2007 ticht. De direksje fan it bedriuw hat de gemeente Achtkarspelen wite litten mei yngong fan 1 jannewaris te ferhúzjen nei Veendam.

Vos hat fierders oanjûn dat de ferhuzing allinnich in bedriuwsekonomysk belang hat. Neffens it kolleezje binne de betingsten foar it personiel goed te neamen. By Vos yn Surhústerfean wurkje sa'n 85 minsken.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)