Pechtold moandei nei Fryslân

12 okt 2006 - 15:40

D66-listlûker Alexander Pechtold besiket nije wike moandei stimmen te winnen yn Noard-Nederlân. Moandeitemiddei sil er ûnder oare nei Appelskea om dêr in besite te bringen oan it bedriuw Ecostyle.

Fierder sil Pechtold ek nei it Van Hall-ynstitút yn Ljouwert. Dêr wurdt in debat holden oer de takomst fan Fryslân. Yn Snits sil Pechtold ek noch it nije boek fan skriuwer Frenk van der Linden yn ûntfangst nimme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)