Damliteratuer yn Tresoar

12 okt 2006 - 14:50

As je wat wite wolle oer de damsport, dan is Tresoar yn Ljouwert it plak om te wêzen. Woansdeitejûn waard dêr ûnder grutte belangstelling de kolleksje fan Geert Bosma presintearre.

Bosma, dy't ferline jier ferstoar, liet in grutte kolleksje damliteratuer nei. Dy hie er sûnt syn bernetiid sammele. De jûn waard iepene troch Lourens Oldersma fan Tresoar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)