Untslaggen Fryske plysjes stabyl

By de plysje Fryslân wurde jierlijks trije minsken ûntslein omdat se harren net oan de yntegriteitsregels hâlde. Tongersdei waard bekend dat der ferline jier lanlik 122 minsken by de plysje dien krigen ha omdat se harren net oan de regels holden.
Dêrneist krigen nochris 85 minsken ûntslach ûnder betingst. Lanlik rinne de oantallen op, wylst it yn Fryslân stabyl bliuwt.