Deade man yn Haulerwyk

12 okt 2006 - 12:24

De plysje hat sa'n tweintich resjersjeurs set op in ûndersyk nei in deade man yn Haulerwyk. De man waard woansdeitejûn fûn yn syn wenning oan de Slotemaker de Bruinewei.

It liket derop dat er mei geweld om it libben brocht is. Woansdeitejûn is al in buertûndersyk dien. Tongersdeitemiddei is seksje útfierd op it lichem. It resjerzjeteam stiet ûnder lieding fan de Fryske plysje, mar is oanfolle mei minsken út Drinte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)