'Gemalen moatte fisk-freonlik'

© Omrop Fryslân
De gemalen yn Fryslân moatte fisk-freonlik wurde. Dat wol de CDA-Steatefraksje. Alle jierren wurde fisken troch de draaiende skroeven fan de gemaalpompen yn stikjes hakt.
It CDA wol dêrom dat as de gemalen ferfongen of opknapt wurde, der fiskfreonlike maatregels naam wurde. Dat kin mei in systeem wêrby't de fisken fia in omwei lâns de pompen komme kinne. Yn Grinslân stiet al sa'n gemaal.