H'fean kontraktearret belofte

© Omrop Fryslân
Jong Hearrenfean-spiler Pim Balkestein hat in kontrakt tekene dat him oant juny 2008 oan Sportklub Hearrenfean ferbynt. De sintrumferdigener spilet al sûnt de E-pupillen by de Feansters.
Yn earste ynstânsje feroaret der net in protte foar Balkestein. Hy bliuwt spyljen by de A-junioaren, mar it kontrakt jout de ferdigener wol 'in noflik gefoel', sa seit er.