Jonge (12) ferwûne yn Ljouwert

12 okt 2006 - 09:55
Foto: Omrop Fryslân

In 12-jierrige jonge is woansdeitemiddei ferwûne rekke op it Drachtsterplein yn Ljouwert. Hy waard oanriden doe't er it Drachtsterplein oerstekke soe. Hy is dêrby nei alle gedachten troch it reade ljocht riden.

Hy waard oanriden troch in 35-jierrige automobilist. De jonge is mei ferwûnings oan it skouder nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)