Kearnsintrale by De Lemmer?

11 okt 2006 - 22:51

De Iselmarkust foar De Lemmer is ien fan de fiif lokaasjes dy't steatssekretaris Van Geel fan Miljeu op it each hat foar in nije kearnsintrale. Dat stiet yn in brief van Van Geel oan de Twadde Keamer. De sintrale soe dan boud wurde moatte oan de westlike Noardeastpolderdyk. Dat is rjocht tsjinoer De Lemmer.

De belutsen gemeenten binne net op de hichte steld fan de brief. Lemsterlân is fernuvere oer it nijs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)