Vliet tsjin komst heroïnesintrum

© Omrop Fryslân
De bewenners fan it Vliet yn Ljouwert komme yn aksje as der in medysk behannelsintrum komt. Dat wol Verslavingszorg. It giet om 25 heroïneferslaafden dy't trije kear op in dei by in dokter drugs krije kinne. It is in projekt dat betelle wurdt troch it Ryk en ek yn oare stêden fan it lân útfierd wurdt. Neffens de ferslavingssoarch en de gemeente sil der gjin sprake fan oerlêst wêze, mar dat leaut gjinien.