Dokkum krijt jongerekantoar

11 okt 2006 - 22:44

Dongeradiel hat in jongerekantoar mei de namme Greenroom. Wethâlder Willemsma iepene woansdei it kantoar yn it multykultureel sintrum It Bolwurk yn Dokkum. Dat wie it begjin fan it projekt Preventief Jeugdbeleid Dongeradeel. Doel is dat de jongeren sels oanjouwe hoe't de oerlêst yn de binnenstêd foar te kommen is.

No is al dúdlik dat der mear foar de jongeren organisearre wurde moat op de freed- en sneontejûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)