Brûns foar grien Burgum

© Omrop Fryslân
Burgum hat woansdei de tredde priis krigen yn de wedstryd foar it grienste doarp fan Nederlân, de saneamde Entente Florale. Burgum krige wol in earfolle fermelding foar it behâld fan it weardefolle kultuerlânskip. Haren waard earste.
Amersfoort krige de titel grienste stêd fan Nederlân. De wedstryd wurdt alle jierren organisearre en de winner docht dan mei yn de Europeeske kompetysje.