F-16's fleane net te leech

11 okt 2006 - 22:34
Foto: Omrop Fryslân

De Waadferiening hat woansdei wer gjin oertredings mjitte kinnen yn it Lauwersmargebiet. Dêr oefenet Definsje mei leechfleanende F-16's. Mei spesjale apparatuer mjit de Waadferiening oft de straaljagers ek te leech fleane of te folle leven feroarsaakje. Der binne gjin oertredings konstatearre.

Neffens de loftmacht wurdt der gjin rekken mei de mjittings hâlden.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)