Sinteklaas net nei Damwâld?

11 okt 2006 - 17:11

Komt Sinteklaas dit jier al as net oan yn Damwâld? No't Damwâld gjin doarpshûs mear hat en de Krúswei ferkocht is, is der gjin goed plak mear om de Goedhillichman te ûntfangen.

Dat betsjut dat er dit jier it doarp mooglik foarby rydt. En dat is fansels net nei it sin fan de bern. Op it gemeentehûs is Sinteklaas wol wolkom, mar dêr kin er net alle bern fan it doarp moetsje.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)