Brân yn wenhûs Burgum

11 okt 2006 - 15:24
Foto: Omrop Fryslân

By in brân yn in wenhûs oan de Noardersingel yn Burgum is de boppeferdjipping foar in part ferlern gien. De brânwacht fan Burgum waard ynskeakele om it fjoer te bestriden.

Om 13.45 oere waard der alarm slein. In oere letter wie de brân ûnder kontrôle. De skea rint yn de tsientûzenen euro's. De oarsaak is noch net bekend.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)