Cambuur hat jild lizze litten

11 okt 2006 - 15:07

Fuotbalklub Cambuur hat de ôfrûne fiif jier in grut bedrach lizze litten by transfers fan Jaap Stam. It soe gean om in bedrach fan 350.000 euro. De ferdigener fan Ajax spile yn it ferline twa jier foar de Ljouwerters.

Cambuur hie dêrtroch by eardere transfers fan Stam gebrûk meitsje kinnen fan in FIFA-regeling. Dy hâldt yn dat alle klubs dêr't in spiler oant syn 23e jier spile hat, rjocht hawwe op in persintaazje fan de transfersom.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)