Toeristebelesting Nijefurd heger

11 okt 2006 - 13:34

De toeristebelesting yn Nijefurd giet mooglik noch fierder omheech. No betelje fakânsjegongers noch 1 euro de nacht. Nijefurd heart dêrmei by de koprinners yn Fryslân.

Gemiddeld leit de belesting op 75 sint, mar der binne ek gemeenten dy't gjin toeristebelesting freegje. Neffens de gemeente is de ferheging nedich, om't de kosten foar de toeristyske foarsjennings ek hieltyd heger wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)